Grousters meitsje blommetún foar behâld bijen

28 okt 2015 - 19:13
  • Grousters helpe mei oanlis bijetún
  • Grutte pûden mei siedjes foar de bijetún

Der binne hieltyd minder bijen yn Fryslân en dat moat oars, seit de Fryske Miljeu Federaasje. De federaasje hie dêrom mei de Nederlandse Bijenhoudersvereniging de wedstriid 'Maak je eigen bijenweide' organisearre wêrby doarpen pûden blommesied winne koene en Grou is ien fan de winners.

It doarp hie neffens de sjuery ien fan de moaiste plakjes foar de blommetún. De earste bijetún yn Grou is tiisdeitemiddei ynsiedde troch de grutske ynwenners sels.

De organisaasjes fine it wichtich dat der ekstra blommetunen komme, dêr't de ynsekten op ôfkomme en harren iten úthelje kinne. Ek Boalsert, Nijhoarne en Oentsjerk hawwe pûden mei sied krigen om sa'n blommegreide oan te lizzen. Yn totaal komme op tweintich plakken yn Fryslân blommetunen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)