Grouster wint foarlêswedstriid

13 apr 2010 - 20:47

Esther de Leeuw fan Grou hat tiisdei de Fryske finale fan de Nasjonale Foarlêswedstriid wûn. Esther lies in stikje út it boek 'Hou je Taai' fan skriuwster Lieneke Dijkzuil.

Neffens de sjuery koe de Grouster goed de sfear fan it fragmint fêsthâlde en lies se mei in heldere dúdlike stim. Esther sil yn maaie nei Utrecht om dêr Fryslân te fertsjintwurdigjen op de lanlike finale.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)