Grouster sporthal opknapt

22 nov 2012 - 20:30

De bûtenkant fan sporthal De Twine yn Grou krijt in opknapbeurt. Dat ha boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim besletten. De sporthal is mei de skoalgebouwen dy't flakby de grutte dyk steane, byldbepalend foar Grou. Omdat de sportakkomodaasje der fertutearze útsjocht, docht dat ôfbrek oan de omjouwing, fine b. en w.

De hal krijt nije dakplaten, it foechwurk wurdt skjinmakke en it strjitwurk en de ferljochting derom hinne wurdt fernijd. De binnenkant fan De Twine waard earder al opknapt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)