Grouster saak jild fan NOM

05 mrt 2007 - 14:57

It bedriuw Dutch Asian Trading Company út Grou hat jild krigen fan de Noordelijke Ontwikkeling Maatschappij. Mei it jild kin it bedriuw syn aktiviteiten yn binnen- en bûtenlân útwreidzje.

It bedriuw makket rustfrijstielen produkten foar de jacht- en skipsbou. Dy wurde ûntwikkele en ferkocht fanút Grou, se wurde makke yn Vietnam. By it bedriuw wurkje op dit stuit seis minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)