Grouster rekket rydbewiis kwyt

28 jan 2012 - 14:50

De plysje hat freedtenacht it rydbewiis ynnommen fan in Grouster (24). Hy ried slingerjend op de A32 yn de rjochting fan It Fean en reagearre net op it stopteken fan de plysje. Mei help fan meardere plysje-auto's koe de man it parkearterrein de Dorpsrellen by Wolvegea opstjoerd wurde. Dêr ried de man lavearjend tusken de parkearde frachtauto's troch oant de plysje him keare koe. De bestjoerder is oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo foar in bloedproef.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)