Grouster pakt foar lûde muzyk

26 feb 2013 - 10:27

De plysje hat yn de nacht fan moandei op tiisdei in Grouster fan 59 jier oanhâlden fanwege lûdsoerlêst. Om twa oere nachts kaam de earste melding oer lûde muzyk út in wente oan De Buorkerij. De plysje hat de man warskôge.

Letter kamen der hieltyd opnij meldings. De man hat doe in bekeuring krige en syn lûdsynstallaasje is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)