Grouster op dak oantroffen

12 aug 2010 - 11:02

In 24-jierrige Grouster hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei de plysje en befeiligers aardich oan it wurk hâlden. De man wie op de Huzebosk op it dak fan in gebou klom. Doe't befeiligers him frege hiene om fan it dak te kommen, naaide de man út.

Plysjeminsken binne ferfolgens achter him oan gien. Se koene him earst net fine, mar seagen him úteinlik achter in beam stean. De Grouster is oanhâlden en sit noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)