Grouster oanhâlden foar trochferkeapjen fan stellen boat

15 apr 2015 - 12:12

In 49-jierrige man út Grou is tiisdei oanhâlden foar heling fan in stellen boat. Dizze wie ferline wike yn Grou stellen. De fertochte woe de boat oan in hanneler yn Snits ferkeapje. Dy fertroude de saak net, omdat hy foto's fan de stellen boat op de sosjale media sjoen hie. Dy foto's wiene der troch de eigener op set.

De hanneler warskôge de eigener en dy werkende fuortendaliks syn eigen boat. De plysje waard derby helle. Dy hat de Grouster meinaam nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)