Grouster mooglik Sakefrou 2012

17 okt 2012 - 20:34

Bertina van den Berg (41) út Grou is ien fan de trije kandidaten foar de titel Sakefrou fan it Noarden 2012. Van den Berg begûn fjouwer jier lyn mei de ferkeap fan hierwurken foar kankerpasjinten. Dat die se neidat in famyljelid de sykte krige. Yntusken hat se der boarstprotezes en oanpaste linzjery oan taheakke.

By har bedriuw, dat ek in fêstiging yn it Ljouwerter sikehûs hat, wurkje 18 minsken. Fjouwer fan har hâlde har spesjaal dwaande mei de soarch foar de klanten.

Neist Van den Berg meitsje ek in ûndernimster út Tolbert en út Sleen kâns op de priis. Dy wurdt op 30 oktober útrikt yn it Martiniplaza yn Grins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)