Grouster mishannelet eks mei hammer

08 nov 2015 - 10:39

De plysje hat sneontejûn yn Grou in 23-jierrige man oanhâlden dy't syn eks-freondinne op strjitte mei in hammer slein en skopt hawwe soe. De frou is mei ferskate ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. Ek soe er yn it hûs fan syn eks saken fernield hawwe. De Grouster is dêrnei útnaaid, mar hy koe op it stasjon fan syn wenplak oanhâlden wurde. Ek de hammer is fûn. De man is ynsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)