Grouster fersoargingshûs ticht

28 feb 2012 - 21:55

Soarchgroep Noorderbreedte is yn Grou drok op syk nei opfangromte om bewenners fan it ferâldere fersoargingshûs Nij Friesmahiem ûnder te bringen. Dat slút mei yngong fan 1 jannewaris de doarren. Dy sluting komt net ûnferwachte, mar no't it fersoargingshûs in opnamestop ôfkundige hat, ûntstiet der dochs ûnrêst yn it doarp. Dit komt foaral trochdat de bou fan 24 senioarewenten fertraging oprûn hat. Aldere Grousters binne no benaud dat der aanst gjin plak foar har is yn it doarp. Noorderbreedte kin net garandeare dat foar elk plak komt yn Grou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)