Grouster besketten mei in wynbuks

13 des 2014 - 10:50
  • Plysje

In 18-jierrige Grouster is oanhâlden omdat hy in 24-jierrige bewenner fan de Friesemastrjitte mei syn wynbuks rekke hawwe soe. It slachtoffer belle freedtejûn nei alven de plysje dat hy besketten wie doe't hy de foardoar iepen die om de kat der yn te litten. Hy hie de kûgeltsjes as bewiis.

Sjoen de sjitrjochting, kamen de plysjes by it hús fan de 18-jierrige fertochte út. Dy joech ta dat hy sketten hie, mar dat syn doel in buordsje yn de tún west hie. Hy waard meinommen nei it buro en ynsletten foar ferhoar. De wynbuks is yn beslach nommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)