Grou wint yn Earnewâld

24 jul 2001 - 00:00

Berend Mink hat mei syn Grouster skûtsje de earste oerwinning fan dit seizoen te pakken. Yn Earnewâld kaam de kampioen fan foarich jier tiisdei mei in grutte foarsprong oer de finish.

Yn in spannende striid om it twadde plak slagge it Anne Tjerkstra mei de Langwarder Swan krekt foar de finish it Jouster skûtsje foarby te farren. Hearrenfean krige op 'nij 14 strafpunten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)