Grou wint skûtsjesilen

10 aug 2011 - 15:46

It skûtsje fan Grou wint woansdei it SKS skûtsjesilen by De Lemmer. Der stie in hurde wyn mei hege weagen op 'e mar by De Lemmer. Der wie in tal oanfarrings en wol 7 protestflaggen. It Huzumer skûtsje is sels omslein, alle bemanningsleden binne feilich.

Der wie in protte aksje op it wetter. It Grouster skûtsje hat lange tiid achter it Drachtster skûtsje oanfearn op in twadde plak, mar healwei de wedstriid gie Douwe Visser fan it Grouster skûtsje Albert Visser foarby.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)