Grou wint SKS-toulûkbeker

25 jul 2009 - 16:04
  • De toulûkwedstriid yn Starum (foto's Martin de Jong)

It skûtsje fan Grou blykte sneon ek op lân in sterk tiim te wêzen. Yn de toulûkpartij, dy't de skûtsjebemanningen holden yn stee fan de ôflaste sylwedstriid op Starum, liet Grou alle oaren efter har.

Under grutte belangstelling namen finalisten Grou en Ljouwert it trije kear tsjin inoar op op it QVC-terrein. Boalsert waard tredde, De Lemmer fjirde. Yn it skûtsjeklassemint stiet Grou op in dield earste plak mei It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)