Grou wint SKS-skûtsjesilen

01 aug 2014 - 16:04
  • Finale fan de SKS 2014 op de Snitsermar

De Douwe Vissers binne freed earste en twadde wurden yn it einklassemint fan it SKS-skûtsjesilen. Douwe Visser fan Grou behelle op de Snitsermar in alfde plak, mar dat wie genôch foar de einoerwinning. Twadde waard Douwe Visser fan Snits. Gerhard Pietersma mei it skûtsje fan Earnewâld waard tredde.

De oare notearrings yn it einklassemint binne: De Lemmer (4), De Jouwer (5), Akkrum (6), Starum (Súdwesthoeke) (7), Langwar (8), De Heale Moanne (9), Ljouwert (10), Wâldsein (11), Drachten (12), Huzum (13) en It Hearrenfean (14).

De lêste wedstriid op de Snitsermar waard freed wûn troch De Jouwer. Twadde waard Akkrum en tredde de Súdwesthoeke (Starum). Dêrnei kamen binnen: Earnewâld (4), Drachten (5), Wâldsein (6), De Lemmer (7), It Hearrenfean (8), Ljouwert (9), Langwar (10) en Grou (11). De lêste trije binne: Snits (12), Huzum (13) en De Heale Moanne (14).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)