Grou wint NK-frouljuskeatsen

27 jun 2004 - 13:26

It Nederlânsk kampioenskip frouljus- keatsen sneon yn Wytmarsum is wûn troch it partoer fan Grou. Monique Stelwagen, Wiesje van der Berg en Debora Oosterman wûnen yn de finale mei 5-1 en 6-6 fan Maaike Joostema, Janine Klaver en Maaike Terpstra fan Minnertsgea.

Yn de heale finale hie Minnertsgea ferrassend wûm fan Makkum. Grou berikte de finale troch Berltsum te ferslaan. It wie foar de tredde kear dat Grou it NK, ek wol Bûnspartij neamd, wûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)