Grou wint foar twadde kear

28 jul 2004 - 16:39

Berend Mink hat mei syn Grouster skûtsje tiisdei by Earnewâld it SKS- skûtsjesilen wûn. Twadde waard Drachten mei skipper Douwe Visser en tredde Pieter Brouwer mei Hearrenfean. It wie de twadde oerwinning fan Grou en dat betsjut dan ek in earste plak yn it algemien klassemint. Hearrenfean stiet twadde.

Yn Earnewâld stie net folle wyn. Dat soarge foar it publyk soms dochs foar spannende situaasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)