Grou winner SKS Langwar

23 jul 2009 - 16:33

Grou kaam tongersdei by it skûtsjesilen by Langwar as earste oer de finishline. It Hearrenfean moast op it lêste momint it twadde plak ôfstean oan Snits. Ek waard Brouwer by de lêste meters noch foarby syld troch De Jouwer, sadat It Hearrenfean úteinlik fjirde waard.

De Jouwer ferlear lykwols it protest fan Snits en einige úteinlik ûnderoan mei fjirtjin net-ôflûkbere punten. De wedstriid kaam let op gang om't de skûten twa kear in falske start makken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)