Grou winner froulju's bûnspartij

28 jun 2003 - 00:00

Grou is sneontemiddei ferrassend winner wurden fan de froulju's bûnspartij, it Nederlânsk Kampioenskip. It partoer fan Monique Stelwagen, Wiesje van der Berg en Debora Oosterman wûn de finale fan grutte favoryt Boalsert mei 5-4 en 6-6.

Boalsert like earst maklik te winnen en naam in foarsprong fan 4 om 'e 1, mar Grou makke dêrnei achter elkoar fjouwer earsten. Oan de bûnspartij diene sneon 32 partoeren mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)