Grou wer sûnder Sint Piter

22 feb 2003 - 00:00

It feest fan Sint Piter yn Grou sit der wer op. Freedtejûn, op syn jierdei, naam de hillige ôfskied fan alle Grousters. Mei it korps Apollo en boargemaster Dijkstra swaaiden de Grouster bern de broer fan Sinteklaas út.

Om't der noch aardich wat iis yn it wetter leit, ferliet de hillichman Grou mei in loftballon. De bern lieten tagelyk ek allegearre in ballon los as ôfskied.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)