Grou sjocht út nei de komst fan Sint Piter

30 jan 2015 - 16:27
  • Sint Piter en Swarte Pyt yn Grou

Sint Piter bringt healwei febrewaris wer syn besite oan Grou. De ynwenners libje no al bot ta nei it bernefeest. Sa is der in spesjaal Sint Piter sjoernaal en is it dit jier ekstra feest om't it Sint Piter Komitee in jubileum fiert. It Sint Piter mearke bestiet nammentlik 65 jier.

Lykas oare jierren nimt Sint Piter syn Swarte Pyt mei. Nettsjinsteande de diskusje oer de kleur fan Swarte Pyt, is dy yn Grou net feroare. Moandei 16 febrewaris binne minsken wolkom yn Hotel Oostergo om it mearke de Winterkeninginne te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)