Grou pakt twadde SKS-deiwinst

25 jul 2014 - 16:31
  • Skûtsjesilen

It skûtsje fan Grou hat freed op de Fluezen by Ealahuzen de twadde deioerwinning fan it SKS skûtsjesilen 2014 pakt. It skûtsje fan De Jouwer kaam as twadde oer de streek, mar waard diskwalifisearre om't se te betiid oer de start kaam wienen.

Neffens de nije regel mei de Japanske flagge meie skûtsjes ien minút foar de start net oer de startline farre. Skipper Dirk Jan Reijenga fan de Oeral Thús is der lykwols wis fan dat er dêr noch ûnder siet en tekenet protest oan tsjin de wedstriidsjuery.

Fanwege de wynskiftingen wie it in lestige wedstriid foar de 14 skûtsjes. It twadde plak by Ealahuzen wie foar Snits, folge troch Langwar, Huzum, De Lemmer, Drachten, Súdwesthoeke, Earnewâld, Ljouwert, Wâldsein, Akkrum, It Hearrenfean, De Heale Moanne en De Jouwer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)