Grou krijt ekodoarp mei hûzen fan strie en liem

24 jan 2015 - 12:14
  • Striehûs
  • Striehûs

De plannen foar de bou fan in ekodoarp mei hûzen fan strie yn Grou wurdt hieltyd konkreter. De inisjatyfnimmers begjinne meikoarten mei de bou fan de earste muorren. Dat is in konstruksje fan hout mei dêryn strie ferwurke. Dêroerhinne komt dan wer liem. De huzen binne duorsum en bysûnder enerzjysunich.

It iennige probleem is no noch de lokaasje. De stifting wol bouwe op it âlde Frisia-terrein yn Grou. De gemeente Ljouwert hat dêr lykwols noch tastimming foar jûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)