Grou hat it jild foar opknapbeurt Wilhelminapark by mekoar

27 nov 2015 - 11:03

It opknappen fan it Grouster Wilhelminapark set lang om let útein. Yn 2010 prate de Stifting Wilhelminapark al oer de renovaasje. No't it jild foar de renovaasje, hast 425.000 euro, rûn is kin der sa gau as mooglik begûn wurde mei de opknapbeurt. Der moatte nije paden komme en guon beammen wurde roege om mear ljocht yn it park te krijen.

Ofrûne maaitiid is al it startsein jûn foar it opknappen fan it bisteferbliuw yn it park. Dêr hâldt stifting De Hoannepôle tsientallen fûgels en harten, skiep en geiten. Dat ferbliuw is no klear.

Uteinlik moat it Wilhelminapark better tagonklik wurde foar de bewenners fan fersoargingstehûs Friesma State yn it doarp. It park moat yn 'e takomst diel útmeitsje fan 'de groene loper'.

Dat is in lint fan grienfoarsjennings yn Grou dêr't minksen by del rinne kinne. De gemeente Ljouwert nimt mei 150.000 euro it grutste part fan de rekken op him.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)