Grou hâldt loket gemeente

28 okt 2013 - 11:41

It gemeentehûs fan Grou bliuwt nei de weryndieling op 1 jannewaris 2014 iepen as loket. Ynwenners fan Grou en omkriten kinne dêr ûnder oare in nij paspoart of rydbewiis oanfreegje, in berte of houlik oanjaan of in ferhuzing trochjaan.

It loket sil foarearst op tiisdei, woansdei en tongersdei iepen wêze. Foar gruttere saken moatte minsken nei it gemeentehûs yn Ljouwert ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)