Grou: gjin nije apparteminten

12 okt 2007 - 12:32

Oan de Prinses Wilhelminastrjitte yn Grou wurde foarearst gjin twa appartemintegebouwen mei in parkeargaraazje boud. De rjochter hat de boufergunning foar dizze saneamde Wetterfront-apparteminten skorst.

De rjochter fynt dat de gemeente net goed genôch bewiisd hat dat se passe by it doarp. Neffens de rjochter giet it om in byldbepalende lokaasje. De apparteminten soene boud wurde troch de wenningstifting Wolkom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)