Grou eefkes Harlingen-Haven

01 nov 2013 - 13:12
  • It ferkearde perronboerd is no ôfplakt

Stoarm kin soms nuvere gefolgen hawwe. Sa hat it treinstasjon Grou-Jirnsum in pear dagen lang Harlingen-Haven hiten. Troch it stoarmgeweld fan moandei wie ien fan de ferljochte buorden op it perron stikkenrekke. Der is doe gau in nij boerd oerhinne set. Mar dêr stie de ferkearde namme op, nammentlik Harlingen-Haven.

Passazjiers yn de trein seagen nuver op fan de nammeferwikseling. It foutive boerd is ûnderwilens ôfplakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)