Grou deiwinner SKS Wâldsein

02 aug 2010 - 16:26

Grou waard moandei de grutte winner fan it skûtsjesilen op de Hegemer Mar by Wâldsein. It twadde plak wie foar Langwar. In grutte opstekker foar debutearjend skipper Ulbe Brandsma, dy't op in 13de plak yn it klassemint stie.

De Jouwer wûn de striid tsjin It Hearrenfean en waard tred. Dit betsjut dat It Hearrenfean en De Jouwer no op 0,1 punt ferskil stean op it earste en twadde plak fan it klassemint. By de wedstriid wiene gjin protesten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)