Grootfaam krijt gjin kontrakt

17 jul 2012 - 23:45
  • Cambuurstadion

Sportklup Cambuur nimt ôfskie fan testspiler Dammyano Grootfaam. De rjochtsbûten trainde en spile de ôfrûne dagen mei, mar krijt gjin kontrakt. 'Een goede speler, maar niet de versterking die we zoeken', sa seit direkteur Gerald van den Belt.

De kâns is grut dat Mark Diemers dizze wike noch ferkocht wurdt. De middenfjilder hat goeie petearen hân mei FC Utrecht en AZ. Ek FC Grins wurdt noch net útsletten troch Diemers. Hy nimt ein dizze wike in beslút. Diemers hat FC Twente, Udinese en Genoa witte litten dat hy dêr net hinne sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)