Grondsma nei Jouster Skûtsje

11 jan 2007 - 21:58
  • Skipper Jitze Grondsma

Jitze Grondsma fan Broek is de nije skipper fan it Jouster skûtsje. Dat hat de Jouster skûtsjekommisje bekend makke. Grondsma wie skipper wie fan d'Halve Maen fan Drachten. Hy folget Allard Syperda op.

Dy stapte yn desimber op. Syperda wie net tefreden oer de prestaasjes fan it ôfrûne seizoen. Grondsma's adviseur Beint Kramer makket ek de oerstap nei de Jouwer. Grondsma wol ek jongeren opnimme yn de bemanning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)