Grof geweld tsjin Pietje Bouma

04 mrt 2011 - 12:32

De 69-jierrige Pietje Bouma fan Frjentsjer is mei grof geweld om it libben brocht. Dat die freed bliken by de rjochtsaak tsjin de 48-jierrige skoandochter fan it slachtoffer. Dy frou wurdt derfan fertocht dat se har skoanmem ombrocht hat.

It slachtoffer waard hast in jier lyn dea fûn yn har hûs yn serviceflat Froonacker yn Frjentsjer. Spoaren dy't fûn waarden, wiisden yn de rjochting fan de skoandochter. Mar dy ûntkent.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)