Groev 6e op streeksongfestival

06 okt 2003 - 00:00

De Drachtster band Groev is dit wykein sechde wurden op it fyfde streeksongfestival fan RTV Oost yn Oerisel. Mei it Nederlânsktalige nûmer 'De wereld' bleau Groev stykjen op 52 punten. It festival waard wûn troch de Brabânske groep Vals Licht, mei it nûmer 'Over', Sasja Brouwers út Noard-Hollân waard twadde, de Grinzer Los Bomberos waarden tredde.

Yn 2002 waard it streeksongfestival wûn troch de Fryske groep Threeality.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)