'Groepsferbod foar jeugd'

11 mrt 2006 - 13:23

Yn it sintrum fan 'e Westerein moat in groepsferbod foar jongerein komme. Allinnich sa kin de oerlêst foarkommen wurde, sei foarsitter Bergsma fan doarpsbelang De Westerein. Hy hat al der mei de gemeente oer praat.

De plysje sil hurder optrede tsjin de jongerein dy't drinkt, dealt en dingen fernield. Ynwenners en winkellju hawwe harren nocht fan it gedrach fan de jeugd. Dêrom moat der in groepsferbod komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)