Groepen ferbean by rotonde

03 des 2004 - 17:37

Boargers meie tenei net mear yn groepen by-inoar stean by de rotonde yn Damwâld. Dat skriuwt boargemaster Aalberts fan Dantumadiel yn in brief oan de ynwenners. De gemeente wol dêrmei de oerlêst fan jongerein op de krusing Haadwei-Foarwei tsjingean.

It 'gearkloftferbod' is nedich om't oare oplossing om 'e nocht wiene. De plysje sil derop tasjen dat der gjin groepen stean by de rotonde. Meikoarten is der in ynformaasjejûn oer it ferbod.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)