Groep Roemenen op dievepaad

25 okt 2014 - 09:45

De plysje hat freed seis Roemenen oppakt foar stellerij. Trije Roemenen, fan 32, 35 en 43 jier, hienen by ferskate supermerken yn Snits en Beilen Nutrilon molkpoeier stellen. Ien man waard yn Beilen oppakt, de oare twa binne op de A7 by Nijlân oan de kant setten. Yn de kofferbak fûn de plysje 42 stellen blikken Nutrilon.

Trije oare Roemenen, 25, 30 en 40 jier, binne op de A7 by Boerakker arrestearre. Sy hienen út winkels yn Drachten en Beetstersweach tassen fol mei kosmetika stellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)