Groep Flylân ôfset nei oerlêst

09 aug 2011 - 10:22

In groep ferfelende fakânsjegongers út Wageningen is tiisdei Flylân ôfset. De manlju rûnen mei drankflessen op strjitte en se wiene ferfelend. Om't dat net de earste kear wie, mochten se de kafees net mear yn. By in kafee ûntstie dêr hast fjochterij om.

De plysje hat de groep nei de kemping ta brocht. Ien fan de manlju krige ek noch in bekeuring nei't er ûnderweis in fytser omtreau. De kemping wol se net mear hawwe. Dêrom binne se op de boat set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)