Groep fan sân falt jonge(18) oan

28 maaie 2006 - 15:04

Sneontejûn waard yn de Hoofdstraat Oost yn Noardwâlde in 18-jierrige jonge mishannele troch in groep fan in man as 7. It trelit wie om 20 foar alven jûns. De jonge waard troch de groep om ûnbekende reden oanfallen. De jonge krige hjirby klappen en skoppen tsjin holle, boarst en skonken. Foarsafier bekend rekke de jonge net ferwûne.

De nammen fan 'e groepsleden binne bekend. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)