Groeneveld wint yn Bartlehiem

18 aug 2012 - 17:51

De Bartlehiem-skeelertocht is sneon, krekt as ferline jier, by de manlju wûn troch Christijn Groeneveld. Yn dizze 25ste edysje bleau er syn BAM-ploechgenoat Ingmar Berga krekt foar. Tredde waard Gerwin Smit. De Friezen Bob de Vries, Durk Fabriek en Willem Hut einigen krekt neist it poadium.

Ek by de froulju gjin Fryske winner. De nûmers ien en twa wiene gelyk oan foarich jier. Earste waard de Australise Brooke Lochland, twadde Hilda Goovaerts út België. Margo van de Merwe fan Wolvegea wie tred.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)