Groeneveld nei Skylge

19 sep 2013 - 15:34

Irona Groeneveld wurdt foardroegen as nije wethâlder op Skylge. Se folget wethâlder Jort Spanjer op, dy't koartlyn opstapt is, fanwege syn sûnens. Irona Groeneveld is fraksjefoarsitter fan Grien Links yn Provinsjale Steaten. Se sil sa gau mooglik op Skylge oan it wurk en leit har wurk foar de Steaten dan del.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)