Groen wint 500 meter op NK, De Vries wurdt sânde

22 jan 2016 - 15:34
  • Peter Groen wie freed de rapste op de 500 meter

Reedrider Peter Groen hat freedtemiddei de 500 meter wûn op it NK allround yn Thialf. De Grinzer wûn yn in tiid fan 36.65. Titelkandidaat Jan Blokhuijsen kaam net fierder as 36.83. Tredde waard Wesly Dijs yn 36.94.

De bêste Fries wie Douwe de Vries. Hy ried in tiid fan 37.43 en kaam dêrmei op in sânde plak. Arjan Stroetinga einige op it santjinde plak. It NK allround mist dit wykein in protte grutte nammen lykas Sven Kramer, Jorrit Bergsma en Wouter Olde Heuvel. It NK giet sneon fierder foar de manlju, dan ride se de 5 kilometer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)