Groeiend tekoart oan EHBO'ers

16 feb 2009 - 15:29
  • de kursussen geane safolle mooglik troch

Der binne hieltyd minder EHBO'ers. Ferienings ha it dreech de kursussen fol te krijen en by eveneminten witte se bytiden net wêr't se de helpferlieners wei helje moatte.

Yn 2007 wiene der yn Fryslân sa'n 8000 EHBO 'ers, 200 minder as it jier derfoar. De krekte sifers fan 2008 binne noch net bekend, mar de ferwachting is dat it der wer minder wurden binne. Wol is der in soad ferlet fan de AED-kursus foar it goed omgean mei de defibrillator.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)