Groeiend tal wanbetellers

19 mrt 2010 - 10:38
  • Museum Willem van Haren

De Feriening Freonen fan Museum Willem van Haren op It Hearrenfean makket him soargen oer it groeiend tal wanbetellers. Dat is neffens it jierferslach yn in jier tiid mear as trije kear sa grut wurden. Yn 2008 wiene it der 14, yn 2009 50.

Dat is neffens it bestjoer in soarchlike ûntwikkeling dêr't de kommende tiid in soad omtinken oan jûn wurde moat. De feriening ferlear 36 leden en hat der no krekt wat minder as 1300.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)