Groeiend tal mishannelingen

11 nov 2007 - 13:37

De plysje yn Smellingerlân hat te krijen mei in tanimmend oantal mishannelingen. Dat skriuwt de plysje yn de bestjoersrapportaazje oer de earste acht moannen fan dit jier. Mei-elkoar giet it om 634 meldingen, 127 mear as it jier derfoar. Der wurde wol in soad fan dizze mishannelingssaken oplost.

Ek it oantal meldingen fan oerlêst nimt ta, skriuwt de plysje. Mei de wenningynbraken giet it krekt better.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)