Groei website Omrop Fryslân

04 jul 2011 - 17:54
  • De waarpagina is ien fan de meast populêre ûnderdielen fan 'e site

It ynternetbesyk op de site fan Omrop Fryslân is yn de earste helte fan dit jier mei 25% groeid nei mei-inoar 850.000 unike besikers. Yn de earste helte fan ferline jier wiene dat der 638.325. It tal besiken is mei 600.000 tanommen nei in lytse 4 miljoen.

Ek it tal pageviews gie bot omheech nei 11 miljoen. De siden dy't it bêst besjoen wurde, binne it waarberjocht fan Piet Paulusma, Utstjoering Mist en temasite www.omroplive.nl

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)