Groei tal wurkleazen minder hurd

17 des 2004 - 12:04

Fryslân hat der sûnt novimber ferline jier 455 wurkleazen by krigen. Dat docht bliken út de nijste sifers fan it CWI, it Sintrum foar Wurk en Ynkommen. De wurkleasheid komt dêrmei op 10,8 prosint.

Fryslân docht it wat better as Grinslân en Drinte. Dêr is it tal wurkleazen hurder groeid. Yn Grinslân bygelyks is de wurkleasheid no 12,8 prosint. De groei fan it tal wurkleazen is de helte leger as in jier ferlyn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)