Groei tal reizigers Connexxion

15 feb 2007 - 20:15

Iepenbier ferfiersbedriuw Connexxion hat ferline jier hast trije persint mear reizigers ferfierd as it jier derfoar. Alle dagen sieten der oer it hiele lân sa'n miljoen minsken yn de bussen, boaten, treinen en taksi's fan Connexxion. It bedriuw makke in nettowinst fan dik 15 miljoen euro.

Connexxion fersoarget sûnt ein ferline jier it busferfier yn Noard- en Súdwest-Fryslân. Foarhinne waard dat dien troch Arriva.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)