Groei ict-bedriuw Frjentsjer

21 feb 2006 - 11:23

Softwarebedriuw Icit út Frjentsjer ferwachtet dit jier flinke groei. De fyftjin meiwurkers binne koartlyn ferhûze nei in grutter gebou yn Frjentsjer. Dêrneist nimt it oantal klanten dêr't Icit foar wurket bot ta.

Direkteur Akkerman fan Icit ferwachtet benammen groei yn de ferkeap fan software foar soarchynstellings. Icit hat ûnder oaren software makke foar it Academisch Medisch Centrum yn Amsterdam en online reisburo's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)