Groei by bussebouwer VDL

10 aug 2012 - 15:26
  • De nije Citeabus fan VDL rint goed

Bussebouwer VDL Groep hat yn it earste healjier fan 2012 in omset helle fan 851 miljoen euro. Dat is 5 prosint minder as yn it earste fearnsjier fan 2011. Dochs is de direksje tefreden oer it resultaat. It tal oarders nimt ta en it tal meiwurkers gie fan 7100 nei 7600.

It goeie foarútsjoch is mei te tankjen oan VDL Bussen op It Hearrenfean. Fral de nije bussen Futura en Citea wurde posityf ûntfongen. Sa bestelde ferfierder Arriva earder dit jier 77 Citeas foar Sweden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)