Groei advysburo Kooyenga-groep

17 mrt 2004 - 00:00

It detasjearingsburo ROMTE mei filialen yn Dokkum en It Hearrenfean wurdt aktyf yn hiel Nederlân. It buro op it mêd fan Romtlike Oardering en Miljeu fan de broers Harry en Romke Kooyenga makket diel út fan de Kooyenga Groep Holding.

It buro detasjearret meiwurkers benammen by gemeenten, provinsjes, brânwacht en wetterskippen. Yn in jier tiid groeide it buro nei 40 meiwurkers. Yn de nije plannen moat yn twa jier útwreide wurde nei sa'n 200 meiwurkers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)